Peloten froulju Mantgum 24 maaie 2011
Nei dan we sjoen hienen dat Winsum 1, sunder grutte stjer Margriet Bakker, flink de bak yn gie tsjin Easterlittens, dat fersterking kriegen hat fan talint Annelien Broersma, koenen we oan ús eigen pot begjinne. Spannum, in ploeg die al jierren yn’e B-poule útkomt, mocht sich dit jier bewiize yn de A-poule. It wie foar de Mantgumer froulju hjirtroch wol in raadsel wat de kwaliteiten wienen fan Spannum, mar dat soe gau genoch blyke. It lot besliste dat Spannum it earst omslaan mocht. It earste earst gie ferlern trochdat yn it perk te folle fouten makke waarden. Mar nei dat iene earst efterstan, binne de Jacoba’s eins nea mear yn gefaar west. Mantgum wie de bettere ploeg wat foaral ek oan de opslach blyken die. Folle mear lengte wertroch Spannum te folle moast forcere. Ondanks dat Mantgum better wie, waarden der ek noch wol foutsjes makke die net nedich wienen. Hjirtroch koe Spannum noch ta fjouwer earsten komme. Net erg, mar de kommende twa wiken moatte disse foutsjes der ut. En sa at it no stiet foaral tsjin Easterlittens oer twa wiken, want die ha Winsum sa dik klop jun dat at alles fierder rint sa at it rinne moat, Easterlittens de konkurrint is foar de titel dit jier. Tiisdei 31 maaie 2011 is moatte de froulju wer. No yn Easterlittens op it plein tsjin Winsum 1. Jimme binne allegear fan herte útnoeche om te supporten! Útslach 25 maaie: Easterlittens – Winsum 10 – 3? Mantgum – Spannum 10 - 4 Foar foto’s sjoch link:
Geplaatst op 26 May 2011